Gerjochtigheid

Gerjochtigheid

Goed en kwea treft ús allegear.
Wy heare te striden foar de leafde,
mar ferjitte it jimmer wer.
Wy langje nei in wolk fertrouwen,
mei-elkoar oan de ‘Frede’ fan de ‘Ivige’ te bouwen.

Gerjochtichheid, ferdraachsumens, en ferjouwing ,
mei ferbining troch gebed,
tsjinoer wraak, haat, geweld, oarloch en wat al net.
Fergun It ljocht yn oarmans eagen,
gean mei-elkoar om sûnder de groffe leagen

Fansels moat we wearber wêze,
en net in oar de wierheid lêze.
Mei de sachte kant foarop,
sa’t we Jezus Wurd yn ‘e Bibel lêze.

Geweldleas ferset,
tsjin oarloch en geweld,
is’t iennichst wat hjir telt.
Wat waarmte, en ljocht útstriele,
yn stilte, ‘t Hillige Fjoer, mei-inoar diele.
Lit Jezus hjirby ús dirigint wêze,
en wy it Symphony-orkest!
Wylst de Hillige Geast ús enerzjy fersoarget
en ús tsjin ôfglieden boarget.

‘t Is Jezus dy’t ús hjirta fermaan,
lit we alle dagen stribje,
dy enerzjy troch te jaan.
Opdat wy dêrút wat moed belibje.

‘t Is sykjen bliuwe nei Syn belofte yn Syn Geast,
wat Hy ea ris iepenbiere:
Leauwe, hope, frede en leafde ‘t meast,
sille ienris yn heechtij segefiere!

(Gerrit van Dijk,
Stiens, okt, 2025