Sara’s en Broeders naar MENNS in Witmarsum

21 september 2023
13:45
Activiteiten
Start vanaf de carpool plaats in Stiens
Sara’s en Broeders naar MENNS in Witmarsum

Wy wolle graach mei elkoar it nije winterskoft yngean. De measte simmerdrokte is oan ‘e kant en wat is it fijn om elkoar wer te treffen en by te praten. Dat hawwe wy, Taekele en Syt en Jetze en Fettje, al dien en wy wolle, mei jimme, op 21 septimber nei Wytmarsum. Dêr is yn de koepeltsjerke in tentoanstelling oer Menno Simons.
Dizze tentoanstelling kostet € 5.- pp. Der is ek in ferhaleferteller mar dy kosten helje wy út de pot.
No is it fansels wol sa dat de pot net leech reitsje moat dus wy freegje jimme om de kontribúsje fan € 15.- ek mei te nimmen sadat Erna de boekhâlding wer byhâlde kin. Graach kontant betelje oars sit Erna mei de sinten yn ‘e knoop.
Tsjin healwei seizen wurde wy ferwachte yn “De poort van Franeker “ om mei in diner dizze dei ôf te sluten.
Dêr hawwe wy in sealtsje foar ús privé reserveard en dêr kinne wy mei 20 minsken yn. It is dus saak om jimme op ‘e tiid op te jaan mar teminsten foar 14 septimber.
Wy begjinne by it carpoolplak yn Stiens en ferwachtsje jimme dêr om 13.45 oere.
Wa ’t ride kin graach trochjaan.

Fettje en Jetze. frkalmaschat@gmail.com
Taekele en Syt. sytaafke@upcmail.nl