Polarisatie

“Polarisaasje”

Polarisaasje, It polarisearjen
It swart-wyt tinken, it fijân tinken
Polarisaasje yn en tusken religys
it ôfnimmen fam “mei-elkoar” libjen yn mienskip.
Of….
begryp, respect, wurdearring, akseptaasje sykje
oars gedrach, oare keuzes en mieningen begripe
ferbinning sykje, net romte nimme mar romte ferliene
ynlefings fermogen toane, net “oer” mar mei inoar
hâlde fan elkoar, leafhawwe, “minpuntsjes” akseptearje
De fout net by ’n oar skowe of del lizze
ferbettering begjint by jo sels, iepenstelle, echt lústerje
in earm, in hândruk, de hân rikke, meifiele, begryp toane.
Goede wurden sjitte faak te koart, mar moatte wol sein wurde.

We hawwe hjir lytse mar hurdwurkjende gemeente,
mei enthousiasmerende minsken,
sa as ús foarganger, ús tsjerkeried en der njonken in tal sterke echtpearen,
los/fêste groepkes en belutsenen, dy’t dogge, dy’t dogge wat dien wurde kin.
En dat is mear, folle mear dan wat ferwachte wurde mei.
dat is menist Stiens!
Konklúzje: Foaral sa trochsette! de rêch der ûnder, set’m op!

Gerrit van Dijk